TU Delft wint 3e sinnerace
De tredde etappe fan de Frisian Nuon Solar Challenge is woansdei wer wûn troch it team fan de Technyske Universiteit Delft. Har sinneboat kaam as earste oan yn Boalsert en hie ek de minste tiid nedich foar de tocht fanút Starum.
Foar it earst yn dagen wie it ek behoarlik moai sinneskynwaar. Dêrtroch koene de boaten hurder farre as eardere dagen.