Argeologyske stipepunten iepene

28 jun 2006 - 21:50

Ferhalen oer de iistiid fan 15.000 jier lyn moatte mear toeristen lûke nei Noardeast-Fryslân. Woansdeitemoarn waarden yn Feankleaster en op De Harkema saneamde argeologyske stipepunten iepene.

Dat binne eksposysjes oer it lânskip en de minsken yn de iistiid. It giet om foarwerpen lykas bilen, swalkstiennen en ferskate werktugen. Fryslân hat ek sokke stipepunten yn ûnder oare Winaam en Hegebeintum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)