Ferwûnen by oanriding Stiens
By in oanriding op de Stienzer Hegedyk yn Stiens binne tiisdeitemoarn in 25- jierrige automobiliste út Stiens en in 40-jierrige automobiliste út Sint Anne ferwûne rekke. De frou út Stiens seach dat de frou út Sint Anne ôfsloech om de Stienzer Hegedyk op te riden.
De frou út Stiens trape op de rem, mar omdat de dyk glêd wie skeat de auto troch. Hjirtroch rekke de frou út Stiens de auto fan de frou út St Anne. De froulju binne nei it sikehûs brocht.