WK reedriden '07 dei langer

28 jun 2006 - 16:58

It WK allround fan 2007 yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean mei in dei langer duorje. Dat hat it ynternasjonale reedrydbûn bekend makke. Twa jier lyn wie besletten dat it wrâldkampioenskip werom giet nei twa dagen.

Under druk fan it Nederlânske bûn is it no wer werom draaid. Trochdat der yn Thialf no ek op freed riden wurdt, kinne der 12.000 besikers mear komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)