Moaiste berneboek fan Peanstra

© Omrop Fryslân
'Alles foar in sint' fan skriuwster Auck Peanstra is troch de Berneboekesjuery 2006 útkeazen ta moaiste boek. Skoalbern út de groepen 5 oant en mei 8 fan de basisskoallen koene kieze út 10 ferskate titels.
Twad waard 'Help in hûn' fan Anny de Jong en tred 'De Betoverhoed' fan Hanneke de Jong. De jonge lêzers blike foaral spanning en mystearje moai te finen, want alle trije boeken gean oer bern dy't aventoeren belibje.