Eksploazje yn Hjerbeam

28 jun 2006 - 15:29

Op it wynmûnepark yn Hjerbeam hat woansdei om 12.00 oere hinne in eksploazje west. De kabel tusken twa wynmûnen yn waard stikken lutsen, wêrtroch't koartsluting ûntstie.

Rûnom Hjerbeam wie in dipke yn de stroom te fernimmen, omdat de koartsluting ek it ferdielstasjon berikte. Fierders hat gjinien lêst hân fan de eksploazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)