'Guozzebelied giet te fier'

© Omrop Fryslân
It guozzegedoochbelied giet te fier, fynt de CDA-steatefraksje. De fraksje fynt dat de oerlêst fan guozzen yn Fryslân hieltyd grutter wurdt. As boeren en boargers wike moatte foar de goes, dan rint it belied út de hân.
Dizze wike waard dúdlik dat it nije fytspaad tusken Aldegea en Blauhûs de helte fan it jier ticht moat omdat de swartkop-goes dan net fersteurd wurde mei. It CDA freget Deputearre Steaten om in oplossing.