Jeu de Pelote: Reduzum wint

28 jun 2006 - 15:17
Foto: Omrop Fryslân

Op de sande dei fan it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens ferrûn op de twadde list de partij tusken Ljouwert en Reduzum sensasjoneel. It waard úteinlik 7-7 en 40-40 doe't Ljouwert it perk miste.

Dêrmei is de winner fan ferline jier fan de list. Yn de oare partij fan tiisdei hie Berltsum gjin muoite mei Weidum: it waard 8-2. Berltsum komt út yn de heale finale tsjin Jirnsum. Woansdei is de partij Winsum - Mantgum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)