Taksybedriuw Skier krijt ûngelyk

© Omrop Fryslân
Taksybedriuw Boersma op Skiermûntseach moat fuortdaliks ophâlde mei it oanbieden fan persoaneferfier mei bussen fan mear as acht persoanen fan en nei de fearboat op it eilân. Dat op straffe fan in twangsom fan 1000 euro foar elke dei of in part dêrfan dat Boersma dit wol docht.
Dat hat de rjochter woansdei bepaald yn in fonnis. Ferfiersbedriuw en konsesjehâlder op it eilân, Arriva, is hjirmei yn it gelyk steld.