Werle ferliest fan Sokolov
Jan Werle fan Beetstersweach hat op it Nederlânsk kampioenskip skaken ferlern fan Ivan Sokolov. Werle stiet no op in dield achtste plak mei fjouwer punten. Fries-om-utens Yge Visser ferlear fan Ivo Nijboer.
Yge Visser hat oant no ta ien partij wûn en ien lyk spile. Dêrmei komt er net fierder as it lêste plak. Tongersdei is de lêste dei fan it NK skaken.