Boalsert krijt wer stedsomropper

28 jun 2006 - 11:55

Boalsert krijt wer in stedsomropper. De fraksje fan it CDA kaam mei in foarstel en dat is tiisdeitejûn troch de rie yn mearderheid oannommen. Allinnich Grien Links seach it net sitten en stimde tsjin.

De omropper wurdt noch dit jier beneamd troch de gemeente. De riedsleden tinke dat in omropper in attraksje foar toeristen is. Hy kin ûnder oaren optrede as gasthear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)