Burdaard fierder mei doarpsplan

28 jun 2006 - 11:19

Burdaard kin fierder mei de taridings fan de plannen om in part fan it doarp op 'e nij yn te rjochtsjen. It giet ûnder oare om in nij doarpsplein, de ferpleatsing fan de sportfjilden en de komst fan in multyfunksjoneel sintrum en in nije skoalle.

De kosten wurde rûsd op 23 miljoen euro. De gemeenterie naam tiisdeitejûn it beslút om in stik grûn oan te keapjen, dat nedich is foar de útfiering fan de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)