Smite mei winkelkarkes om prizen

28 jun 2006 - 09:44

Fan septimber ôf begjint yn Ljouwert it kampioenskip winkelkarkesmiten. By de Super de Boer sille kandidaten besykje winkelkarkes sa'n slinger te jaan dat se yn ien kear yn it doel komme en dat is de rij karkes op it parkearterrein.

It winkelkarkesmiten is ûnderdiel fan in pakket aktiviteiten dat supermerkûndernimmers oanskaffe kinne. Supermerk-daten en buertwebsites hearre dêr ek by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)