Hearrenfean set út ein tsjin ADO

© Omrop Fryslân
Yn 'e earste spylronde fan it nije fuotbalseizoen 2006/2007 moat SC Hearrenfean it sneon 19 augustus opnimme tsjin ADO Den Haag yn in útwedstriid. In dei earder spylje Sparta en Vitesse al tsjin mekoar.
Foar Cambuur set de kompetysje yn 'e earste divyzje in wike earder útein. Op 11 augustus moat de ploech fan treener Roy Wesseling nei Apeldoorn foar de wedstriid tsjin AGOVV.