Nije ûnderwiismetoade Biltsk

© Omrop Fryslân
Underwizers yn it Bilt moatte ôf fan de gedachte dat it brûken fan it Biltsk troch de bern te'n koste giet fan it Nederlânsk. Foarsitter Goodijk fan de "kemissie meertalighyd" sei dit tiisdei yn Sint Jabik dêr't in nije taalmetoade foar it basisûnderwiis yn it Biltsk presintearre waard.
De metoade is bedoeld foar alle groepen yn it basisûnderwiis. Bern yn it Bildt krije op skoalle trije talen oanbean: Frysk, Biltsk en Nederlânsk.