Fernielerij Winaam oplost

28 jun 2006 - 09:24

Troch syn autospegel mei skuonpoets yn te smarren hat in man út Winaam de fernielerij fan autospegels oplost. Hy seach in jonge fan 15 út Frjentsjer dy't skuonpoets oan de hannen hie, hy hat him tsjinhâlden en oan de plysje oerdroegen. De jonge hat bekend dat er mei twa oaren in grut tal fernielings yn Frjentsjer en omjouwing pleegd hat. Syn maten binne ek oanhâlden.

De plysje freget minsken dy't dupearre binne oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)