Aksje It Bilt foar mear donoren

27 jun 2006 - 17:27

Ynwenners fan de gemeente It Bilt dy't in paspoart, ID-kaart of in rydbewiis oanfreegje, krije tenei ek in donorregistraasjeformulier. Sa hopet It Bilt op in stiging fan it oantal donorregistraasjes yn Nederlân.

Minister Hoogervorst fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport hat alle gemeenten oanskreaun om mear orgaandonoren registrearje te kinnen. As alle gemeenten meidogge soe dat jierliks sa'n 100.000 nije donoren opsmite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)