Toch Lidl festiging yn Balk

27 jun 2006 - 14:51

Supermerkketen Lidl mei in festiging bouwe yn it eartiidse busstasjon by Balk. Dat hat de rjochter moandei bepaald. Fan de gemeente mocht it al, mar de eigners fan beide besteande supermerken yn it sintrum fan Balk hienen in prosedure oanspant tsjin it ferlienen fan de boufergunning.

De oanklagers tinke dat der gjin romte is foar in tredde supermerk. Se binne bang dat der aanst gjin minsken mear yn it sintrum komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)