Slauerhoff-rûte op Flylân

© Omrop Fryslân
Op Flylân is in Slauerhoff-rûte útset. De rûte giet by plakken lâns dy't te krijen ha mei de ferneamde Ljouwerter dichter. Op ferskate punten steane ek gedichten dy't herinnerje oan Slauerhoff syn tiid op Flylân.
De Slauerhoff-rûte is makke yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de VVV. Moandei kinne gasten ek in bysûndere fartocht meitsje nei Harns. Dêrby moatte se ûnderweis oerstappe op in oar skip, sa't dat eartids ek barde.