Goed jier foar Noorderbreedte

27 jun 2006 - 10:10

Soarchgroep Noorderbreedte, mei ûnder oare de sikehuzen MCL yn Ljouwert en Harns, hat ferline jier in goed jier draaid. It tal opnames is omheech gien en der is mear winst makke. Yn 2005 wie de winst 2,8 miljoen heger as it jier dêrfoar.

Dit docht bliken út it jierferslach fan Noorderbreedte. It tal pasjinten naam ûnder mear ta troch de nije hertôfdieling fan it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)