Wer wurk oan Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
Yn Boalsert wurdt fan moandei ôf wer wurke oan it glêzen dak fan de Broeretsjerke. It nije dak wie yn febrewaris al klear. Mar yn in oantal glêspanielen kamen doe al gau barsten. Hoe't dat barre koe is net bekend.
De makker fan it glês, in bedriuw út Delft, is moandei begûn mei it ferfangen fan de stikkene glêspanielen. It bedriuw ferwachtet dêr ein nije wike mei klear te wêzen.