Tsjinslach by start Solar Race

© Omrop Fryslân
De sinneboat De Dûbele Fries fan de NHL is útskeakele yn de earste etappe fan de Frisian Solar Challenge, de race fan boaten op sinne-enerzjy. De boat hie in technysk mankemint. De NHL die mei trije boaten mei oan de wedstriid. Dêrfan is der no ien oer. Snein baarnde in oare boat út.
Moandei wie de earste etappe. Trochdat der gjin sinne wie, giene de boaten stadich. Fjouwer hellen de finish net omdat de accu te min stroom hie.