Grutter ûnderwiisoanbod nedich

26 jun 2006 - 17:01
Foto: Omrop Fryslân

It ûnderwiisoanbod yn Súdwest-Fryslân moat fersterke wurde. Dat seit de stifting Stimulearing Súdwest-Fryslân. De stifting lûkt dy konklúzje nei petearen mei bedriuwen, skoallen en âlden fan skoalgeande bern.

Der soene mear opliedings bykomme moatte foar vmbo en mbo, bygelyks op it mêd fan horeka, wettersportyndustry en feiligens. Ut de petearen is ek nei foaren kaam dat skoallen en bedriuwen mear gearwurkje moatte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)