Túnhúske útbaarnd

26 jun 2006 - 11:19
Foto: Omrop Fryslân

Yn Houtigehage is sneintenacht in túnhûs útbaarnd. Yn it túnhúske wie in sauna ynrjochte, dy't de bewenners sneintejûn noch brûkt hiene.

Nei alle gedachten hat de te hite saunakachel de oarsaak west fan de brân. De brânwacht moast der oan te pas komme om it fjoer út te meitsjen, mar koe net foarkomme dat it túnhúske ferlern gie. Der is net ien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)