Ferkearsmaatregels by Bûtenpost

26 jun 2006 - 11:19

De gemeente Achtkarspelen pakt hurdriders op de Paralleldyk by Bûtenpost oan. Der mei ynkoarten noch mar 60 kilometer yn de oere riden wurde. Ek komme der ferkearsremmers.

De gemeente nimt de maatregels op fersyk fan minsken dy't flakby de dyk wenje. Dy sizze dat de Paralleldyk faak as racebaan brûkt wurdt. Dat wurdt skylk noch slimmer, tinke se, as de dyk breder makke wurdt omdat der twa spoarwei-oergongen ferdwine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)