Hamburger tredde op de bosbaan

26 jun 2006 - 10:07

Skiffeur Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap is snein yn Amsterdam by de Koninklijke Holland Beker op in tredde plak einige. Hamburger kaam op de bosbaan yn in tiid fan 7.06.29 oer de streek.

De race waard wûn troch de Sweed Lasse Karonen yn in tiid fan 7.03.52. De Noar Olaf Tufte waard twadde. Hamburger wie tefreden oer syn tredde plak, benammen omdat hy mar 0,21 sekonde achter Tufte finishte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)