Mear húsartsen by dokterswacht

© Omrop Fryslân
Hieltiid mear húsdokters slute harren oan by de Dokterswacht. Ut it jierferslach oer 2005 docht bliken dat mear as 230 húsdokters út Fryslân no oansletten binne. De dokterswacht wol besykje om dit tal noch heger te krijen. De dokterswacht is de ynstânsje dy't je jûns, nachts en op feestdagen belje kinne as je gelyk medyske soarch nedich hawwe.
Yn 2005 koe de dokterswacht 95 % fan de soarchfragen sels oplosse.