Westerhof hat Vitesse wegere

26 jun 2006 - 09:40

Fuotbaltrener Hans Westerhof fan it Hearrenfean hat koartlyn it oanbod wegere om takom seizoen oan de slach te gean as trener fan Vitesse. Westerhof sei dat sneintemoarn yn it Sportkafee fan Omrop Fryslân radio.

Ek de Sweedske klub Helsingborg hie Westerhof wol as trener ha wollen. Mar ek by de klub fan Henrik Larsson wol Westerhof net oan de slach. De trener is krekt werom út Meksiko. Hy wol earst in pear moanne fytse en útrêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)