Sinneboat TU Delft wint prolooch

© Omrop Fryslân
De sinneboat fan 'e TU Delft makke snein yn 'e Prinsetún de rol fan favoryt hielendal wier. Stjoerman Pieter Demeersseman út België stjoerde by de prolooch fan de alvestêdetocht foar sinneboaten syn boat as fluchste oer it wetter. Demeersseman fûn it spitich dat de NHL-boat útbaarnde, want dy wie sneon by de keuring fan de boaten noch de fluchste.
Njonken de TU Delft die ek it team fan stjoerfrou Marleen Andela it goed.