Bart Helmholt wint yn Heidenskip

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneon it fierljeppen yn It Heidenskip wûn mei in sprong fan 18.51 meter. It wie al syn fyfde oerwinning dit seizoen. Helmholt bleau junior Hannes Scherjon út Noardburgum krekt foar. Dy sprong 18.47 meter. Scherjon wûn fansels wol de wedstriid by de junioaren.
By de froulju gie de oerwinning nei Nynke Galama fan It Heidenskip. Burgumer Alwin Vonk wie de bêste by de jonges.