Fryske amtsbea yn Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De amtsbea yn de gemeente Achtkarspelen wurdt feroare yn in Fryske tekst. Dat wolle de fraksjefoarsitters yn de ried. Yn Bûtenpost wurde de riedsgearkomsten iepene en besletten mei in amtsbea. Der is oer praat om dat tenei oars te dwaan.
De measte fraksjefoarsitters wolle de amtsbea net kwyt. Wol is tekst oerset yn it Frysk en modernisearre. De ried sil no teset oer de nije tekst.