Opknapbeurt Ons Huis Sint Anne

25 jun 2006 - 12:26

Ien fan 'e âldste doarpshûzen fan Fryslân wurdt foar 2,5 miljoen euro opknapt, as de ried fan it Bilt grien ljocht jout foar de plannen. Doarpshûs Ons Huis fan Sint Anne is boud yn 'e jierren 60 en moat nedich by de tiid brocht wurde. Omdat ek oare gebouwen ferfongen wurde moatte, wol de gemeente saken kombinearje.

It nije sintrum moat ûnder oare plak biede oan in pjutteboartersplak en de biblioteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)