Moetings foar froulju fan utens

25 jun 2006 - 12:26

Bûtenlânske froulju yn Ljouwert dy't it Nederlânsk net goed yn 'e macht hawwe kinne fan septimber ôf meidwaan oan it projekt Taalontmoetingen. Yn dit projekt krije de froulju taalles en wurde se holpen om oan aktiviteiten bûten de doar mei te dwaan. It doel fan it projekt is om dizze froulju út harren isolemint te krijen.

Froulju dy't noch net nei bûten doare, kinne ek thús taalles krije. Der binne al tsien mooglike dielnimsters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)