Heeres bêste judoka op 'e Gordyk

© Omrop Fryslân
It iepen Frysk kampioenskap judo yn de gewichtsklasse oant 90 kilo is sneon wûn troch Benjamin Heeres. Yn in direkt duel fersloech de regearjend Frysk kampioen syn grutste konkurrint Seye Gorter. By de froulju gie de titel yn de kategory oant 57 kilo nei Nadieh Gooten. Sy fersloech it grutte talint Miranda Wolfslag.
Meiinoar dienen fiifhûndertfiiftich judoka's mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip op De Gordyk.