NK: ferlies foar Visser en Werle

24 jun 2006 - 16:11

De Fryske skakers Yge Visser en Jan Werle hawwe freed beide ferlern yn de sechde ronde fan it NK skaken yn Hilversum. Jan Werle gie mei wyt ûnderút tsjin titelferdigener Loek van Wely. Visser koe it net bolwurkje tsjin Jeroen Bosch.

Werle is troch syn ferlies weromfallen nei in dield 6de plak yn it klassemint. Visser stiet 12de en lêste mei oardel punt. Koprinner is Sergej Tiviakov út Grins mei fiif punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)