Earste Frysk paspoart útrikt

24 jun 2006 - 15:31

Yn de haven fan Harns is freedtemoarn it earste Frysk paspoart oerlange oan deputearre Bertus Mulder, mei dêryn allerhanne toeristyske ynformaasje oer ús provinsje. It is in inisjatyf fan Fryslân Marketing en de Fryske VVV's.

Der binne 5000 paspoarten drukt. It paspoart kostet 2,75 euro. De organisaasje hie minister Verdonk fan Frjemdlingesaken útnoege om it earste eksimplaar yn ûntfangst te nimmen. Se betanke lykwols foar de eare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)