Harink: 'Frjemd belied COA'

24 jun 2006 - 13:54
Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Klaas Harink fan Flechtlingewurk Fryslân hat gjin goed wurd oer foar it management fan it COA. It sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers makke freedtemoarn bekend dat it in grut tekoart oan opfangplakken hat en dêrom wer rûmte siket yn Fryslân.

Sa soe ûnder oare it azc yn Frjentsjer wer iepen moatte. Dat is neffens Harink in frjemd fersyk, omdat it sintrum ferline jier krekt ticht gong.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)