Himmelprojekt grêften Ljouwert

© Omrop Fryslân
De boaiem fan de grêften yn it sintrum fan Ljouwert komt binnen in moanne yn sicht. Sa skjin wurdt it wetter dêr. Dy tasizzing is freedtemoarn dien by de ôfsluting fan it projekt 'Schoon water' by de wettersuvering yn de stêd.
Dat projekt makket diel út fan it folle bredere wetterplan foar Ljouwert: 'de Blauwe Diamant'. As slútstik is freed in ynstallaasje yn gebrûk nommen dy't ekstra skjinmakke wetter yn de grêften pompt.