Plysje ûndersiket brannen H'fean

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket trije gefallen fan brânstifting yn it sintrum fan It Hearrenfean yn de nacht nei freed. De plysje waard earst by in brân op de Gedempte Molenwijk roppen. Unbekenden hiene dêr fytsen yn de brân stutsen.
Koart dêrnei giene op de Schippershof twa auto's ferlern. Doe't de brânwachten it fjoer út hiene en werom gongen nei de kazerne, seagen se reek út in papierkontener op it Molenplein kommen. Dy brân wie ek oanstutsen.