Friesland Vaart hast los

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum en Harns begjint freedtejûn Friesland Vaart. Meiïnoar 600 boaten farre in wikelang troch Fryslân. Underweis kinne de dielnimmers genietsje fan allerhande aktiviteiten.
It iepeningsfeest yn Dokkum kostet de gemeente Dongeradiel 25 tûzen euro en ek de horeka hat der jild ynstutsen. Neffens de gemeente is dat it wol wurdich, want sa hoopje se Dokkum op 'e kaart te setten as wettersportstêd en toeristen te lûken.