Jongerebibel hast útferkocht

© Omrop Fryslân
De nije jongerebibel fan útjouwerij Jongbloed fan it Hearrenfean is in grut sukses. It earste eksimplaar fan dizze spesjale bibel waard ôfrûne sneon op de EO-jongeredei oan premier Balkenende oanbean en no al is de earste druk fan 27.500 bibels sa goed as útferkocht.
Jongbloed hat dêrom besletten in twadde druk te meitsjen. Dy sil yn septimber klear wêze. De jongerebibel hat spesjale tafoegings foar de jeugd.