'Keunst om de mar'-fytsrûte
Dizze simmer wurdt foar de sechsde kear de 'Keunst om de mar'-fytsrûte hâlden. Dat is in fytstocht fan 30 kilometer om de Burgumermar hinne. In groep amateur-keunstners stelle foar de fytsers har atelier iepen om sjen te litten watfoar keunst se meitsje.
De tocht kin fiif riden wurde, op alle earste sneonen fan de moanne. Op 1 july is de earste tocht.