Restaurant Ljouwert moat ticht

23 jun 2006 - 10:27

Restaurant De Vier Jaargetijden yn Ljouwert moat ticht. Dat hat de gemeente Ljouwert woansdei yn in brief oan it restaurant meidield. It fentilaasjesysteem fan De Vier Jaargetijden foldocht net oan de wetlike easken.

Dit kaam oan it ljocht by in standerd ûndersyk dat yn gong set wie nei't omwenners beswier makke hiene tsjin de komst fan it restaurant. It restaurant wol noch net reagearje op de sluting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)