Cambuur wer stap fierder

© Omrop Fryslân
Cambuur is wer in stap fierder. De rjochter hat nammentlik bepaald dat de lêste seis skuldeaskers fan Cambuur akkoart gean moatte mei it plan dat Cambuur opsteld hat.
De krediteuren hiene earder oanjûn dat sy net akkoart gean mei de wize wêrop't Cambuur werombetelje wol. Se ha no allinnich noch de mooglikheid om yn heger berop te gean. Neffens foarsitter Harjan van Dam soarget dat foarearst net foar problemen.