Mozart-muzyk op kariljon Snits

22 jun 2006 - 16:47

By de konserten op it kariljon fan de Martinitsjerke yn Snits wurdt dizze simmer stilstien by de 250e bertedei fan Wolfgang Amadeus Mozart. Mei inoar binne der dizze simmer seis fan dy konserten.

It kariljon wurdt net allinnich troch de fêste stedsbeiaardier bespile, der binne ek fjouwer gastbeiaardiers útnoege. It earste konsert is takom wike woansdeitejûn. Under oare by it VVV wurde boekjes ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)