Twadde libben foar skoarstien

22 jun 2006 - 14:56

De âlde skoarstien fan fervefabryk Borneman yn Snits krijt in twadde libben by it gemaal yn Ychten. Dat gemaal út 1913 is restaureard, mar de skoarstien ûntbrekt noch. De stifting efter it gemaal fynt dat spitich.

De monumintale skoarstienpiip yn Snits wurdt meikoarten al yn seis parten demonteard en wurdt dan letter wer opboud. De finansiering foar it plan is noch net alhiel rûn. Takom wike komt dêr mooglik mear dúdlikheid oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)