Rúzje oer kade Akkrum bylein

22 jun 2006 - 14:03

De gemeente Boarnsterhim en eigner Meeter fan de rûnfeartboat Frisian Queen yn Akkrum meitsje net langer rúzje oer in stikje kade yn Akkrum. De gemeente woe sûnt 2002 al jild ha foar it gebrûk fan de kade en it wetter dêrby, mar Meeter woe net betelje.

It kaam begjin dit jier ta in rjochtssaak, dy't gjin útspraak oplevere. De partijen ha de saak no bylein. De gemeente krijt no wol jild, mar de kade wurdt ferkocht oan Meeter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)