Ynbrekkers oppakt yn Ljouwert

22 jun 2006 - 12:30

De plysje hat woansdei twa ynbrekkers oanhâlden op it Reigersplein yn Ljouwert. In tsjûge hie sjoen dat de beide manlju in rollûk iepenbrutsen en in hoarekagelegenheid yngien wiene. De plysje trof beide manlju achter de bar oan.

Nei in wrakseling koene de twa oanhâlden wurde. It giet om in 24-jierrige man út Gouda en in 26-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)