Selstraf foar stalken echtpear

22 jun 2006 - 11:59

In 61-jierrige man út Ljouwert hat in selstraf ûnder betingst krigen omdat er al skoften in echtpear út Emmen lestichfalt. De man stalkt it stel út Emmen al sûnt 2002. Hy hat dêr earder alris in wurkstraf fan 60 oeren foar krigen.

Dat hat net holpen, de Ljouwerter gie dêrnei gewoan troch mei syn aksjes. De rjochter wol no ek dat de man him opnimme lit yn in psychiatrysk sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)