Soargen VVD oer ammoniak

22 jun 2006 - 11:28

De VVD-steatefraksje yn Fryslân makket har soargen oer it provinsjaal ammoniakbeslút dat tiisdei troch it kolleezje fan Deputearre Steaten naam is. It giet om de reaksjenota fan it ammoniakbelied en de ekologyske ferbiningssônes.

Neffens de VVD ropt it stik te folle fragen op en is de bydrage fan it Ryk ek noch net wis. De liberalen binne wol bliid dat de fêststelling fan de ammoniakkaarten no wat tichterby komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)